Fryske Beweging
Modified:
De Ried fan de Fryske Beweging (RfdFB) is de belange-organisaasje foar minsken dy’t wiis binne mei Fryslân en har ynsette foar it Frysk en de Fryske kultuer. De Ried is in ûnôfhinklike frijwilligersorganisaasje.
- De Ried fan de Fryske Beweging is een stifting, dêr’t in tal organisaasjes en goed 500 stipers (donateurs) by oansletten binne.
- De Ried wurket mei in Deistich Bestjoer en sa’n 10 wurkgroepen fan riedsleden en frijwillige meiwurkers. Alle wurkgroepen beoarderje selsstannich in beskate taak. Ut de nammen fan de wurkgroepen is op te meitsjen wat har taak is. Foar in part strike ús aktiviteiten mei it belied en de doelstellings fan de provinsje Fryslân; faak binne se dêr ek in oanfolling op.
- Dêrnjonken is de Ried mei-organisator fan de Fryske Reklamepriis en en rikt de Ried ien kear yn it jier de Fear yn ’e Broek út.
- Binne jo ek wiis mei Fryslân en wolle jo dêrom ’stiper’ wurde fan de Ried fan de Fryske Beweging? Dan kinne jo jo oanmelde troch it briefke ûnder it knopke stiper wurde yn te foljen. Jo krije dan trije kear yn ‘t jier ús bewegingsblêd ‘Swingel‘ en kinne dan meiprate oer aksjes yn it belang fan Fryslân en it Frysk.
Â