Fryske siswizen
Modified:
Sprekwurden (út it FHWB)
Dy’t a seit, moat ek b sizze. Dy’t begjint, moat ek trochsette.
Better hjoed in aai as moarn in hin. Men kin better it wisse foar it ûnwisse nimme.
In heal aai is better as in lege dop. Wês mei in bytsje tefreden as mear ûnberikber is. Ek: eat is better as neat.
It aai wol wizer wêze as de hin. Bern, jongelju wolle it better witte as har âlden.
Dy’t aaien hat, kin doppen meitsje. Dy’t in soad jild hat, kin in soad útjaan.
Dy’t a seit, moat ek b sizze. Dy’t begjint, moat ek trochsette.
Better hjoed in aai as moarn in hin. Men kin better it wisse foar it ûnwisse nimme.
In heal aai is better as in lege dop. Wês mei in bytsje tefreden as mear ûnberikber is. Ek: eat is better as neat.
It aai wol wizer wêze as de hin. Bern, jongelju wolle it better witte as har âlden.
Dy’t aaien hat, kin doppen meitsje. Dy’t in soad jild hat, kin in soad útjaan.
Men moat net alle aaien ûnder ien hin lizze. Men moat net alles op ien kaart sette, men moat jins gelok net fan ien ding ôfhingje litte.
Al klaait men in aap yn side en brat, hy hat en hâldt in neaken gat.Opskik makket in ûnkreas mins net kreas of in ûnbeskaafd mins net beskaafd.
It lytste aas hat it measte geraas.Lytse bern meitsje it measte leven. Ek: dy’t neat yn te bringen hat, fiert it steilste wurd.
Dy’t oer, nei achten komt, moat foar njoggenen wer fuort. De letkommer kin syn plan net folbringe.
In goed advokaat moat in oar fan ’e stoel prate kinne en gean der sels op sitten. In goed advokaat moat it fan wurden ha om it doel te berikken.
Aken en Keulen binne net yn ien dei boud.In dreech karwei freget tiid en geduld.
Ald by jong dat giet mar selden goed. In grut ferskil yn jierren tusken man en frou yn it houlik giet mar selden goed.
Ald en earm is bodders lean. Ald en earm is it lean fan de arbeider.
Ald moat nij fertsjinje. De âlde klean moatte sa lang droegen wurde oant de nije betelle wurde kinne.
Dy’t net âld wêze wol moat him jong hingje litte. Wa’t net lid wêze wol, de ûngemakken fan de âlderdom net ûndergean wol, kin der mar better fuort in ein oan meitsje.
It wurdt jin âld net frege, wat men jong droegen hat. Mei de libbensstriid dy’t men hat of hân hat, wurdt gjin rekken holden .
Sa’t de âlden sjonge, sa piipje de jongen. De bern dogge krekt-en-gelyk as de âlden.
Alden moatte stjerre, jongen kinne stjerre. De dea makket gjin ûnderskied tusken jong en âld.
Ien âlder kin better seis bern ûnderhalde as seis bern ien âlder.Alden dogge mear foar de bern as bern foar de âlden.
Foar de âlderdom binne gjin krûden woeksen. De âlderdom is net tsjin te hâlden.
Alden en bern spint ferkeard jern. Alden en bern moatte net te lang byinoar wenje.
Allemans freon, allemans gek. Wa’t elkenien te freon hawwe wol, hat gjin freonen.
Alles kin behalven in neakene keardel yn ’e bûse skite. Men kin it hast sa raar net beÂtinke of it is mooglik.
Alles kin, as it mei ferdrach giet. Mei oerlis en geduld is alles mooglik.
Alles wat liket is noch net wier. It is faak oars as it der útsjocht, men kin net (altyd) op it uterlik ôfgean.
Allikefolle is goed te dielen. Eltsenien likefolle is de bêste wize fan ferpartsjen.
Alweroan libbet noch. Men moat altyd wer oan it wurk.
Tolve ambachten en trjettjin ûngelokken. Wa’t hieltyd fan berop feroaret, docht yn gjin inkeld berop goed wurk.
