Oer Goedfrysk

Bisten en ynsektenDe foarsitter fan de Ried fan de Fryske beweging, Jaap van der Bij, hat ris ornearre by in riedsgearkomste dat it Frysk tichter by de minsken komme moat. Dizze hiemside is in earste oanset dêrfan. Minsken kinne teksten opstjoere dêr’t se net hielendal wis fan binne oft se alles goed skreaun ha. De teksten wurde fertroulik behannele en neisjoen. Dêrnei wurde se ferbettere weromstjoerd.

It moaiste soe wêze dat yn de takomst yn yn alle stêden en doarpen in persoan is dy’t de stavering neisjocht. Jo kin der op de fyts hinne en de tekst mei sa’n persoan trochprate.
Liket it jo ek wol aardich om stavering te hifkjen? Stjoer dan in mail nei info@goedfrysk.nl .

——————————————————————————–

www.itnijs.nl
Nijs yn it Frysk, op ien hiemside
It Frysk hat him de lêste desennia ûntwikkele ta in folsleine kultuertaal, mar bûten Omrop Fryslân wurdt der noch net folle Frysk yn it nijs brûkt. Eins soe it hiel gewoan wêze moatte dat jo yn Fryslân it nijs yn de eigen taal krije. Minsken binne wend dat de kranten it Hollânsk brûke en sa no en dan in stikje yn it Frysk, Stellingwerfs of Bildts op te nimmen. Noch minder faak is der in stikje yn it Stêdsk. En dan giet it ek faak allinne noch mar oer saken dy it Frysk of Fryslân oanbelangje. Om it Frysk ek by it nijs in folwoeksen plakje te jaan hat de Ried fan de Fryske Beweging in nije hiemside op it ynternet setten. It is in nijsside mei as adres www.itnijs.nl. De side ûnderskiedt him op tal fan punten fan oere nijshiemsiden. It is de earste folslein Frysktalige Nijsside dy’t him net beheint ta de regio. De nijsfoarsjenning wurdt ûnderhâlden troch frijwilligers. Op de nijsside komt nijs fan de hiele wrâld oant it nijs hiel ticht by. Ek sil de Ried berjochten pleatse út de oare Fryslannen. De Ried wol safolle mooglik aktiviteiten dy’t yn Fryslân plakfine in plakje jaan op de hiemside. De hiemside moat in middelpunt wurde fan it Frysk op it ynternet.

——————————————————————————–

01.jpg.jpgEuregua
De Ried (fan de Fryske Beweging) hat mear by de ein. De Ried fan de Fryske Beweging is úteinset mei ferskillende nijsgjirrige projekten: bygelyks it selskipspul Euregua.

Wat is it selskipspul Euregua?
It spul hâldt wat it midden tusken in guozzeboerd en triviant. Der sitte in pear steapels kaartsjes yn mei fragen oer de Fryslannen. Fryslannen omdat der in aparte steapel is foar Sealterlân sa’n 50 km foarby Nijeskâns dêr’t noch altyd rûchwei 2000 minsken (sealter) Frysk prate. Datselde jildt foar NoardFryslân dat tsjin de Deenske grins oan leit. Dêr binne noch 10.000 (Noard) Fryskpraters wurdt der sein.
Der sitte yn de doaze ek fragen yn it Bildts, Stellingwarfs en Hylpers. De fragen geane oer de skiednis fan Fryslân, geakunde en natoer, mar der binne ek mear algemiene fragen oer sport, muzyk ensafuorthinne. Tagelyk wurde Europa en dan benammen de oare minderheidstaalgebieten yn Europa net fergetten.
Sjoch foar mear ynformaasje http://www.euregua.com/index.html

——————————————————————————–
Mar de Fryske Beweging hat noch mear nijsgjirrige hiemsiden:

www.fryskebeweging.nl
www.euregua.com
Fryske Beweging op Facebook
Fryske Beweging Hyves
www.itnijs.nl